Georg Ludwig Kobelt
Georg Ludwig Kobelt (Kehl, 12 maart 1804 - 18 maaie 1857 wie in Dútsk anatoom.[1] Hy studearre medisinen oan de Universiteit fan Heidelberch, dêr't er studint fan Friedrich Tiedemann (1781–1861) wie. Hy krige syn doktoraat yn 1833 en wie letter prosektor (antomysk ûntleder) yn Heidelberch. Fan 1841 ôf beklaaide er dy funksje oan de Universiteit fan Freiburg, en waard dêr 1844 bûtengewoan heechlearaar, folge fan it (folle) heechleaarskip yn de anatomy yn 1847.
Kobelt is bekend fan syn stúdzjes fan de seksuele anatomy. Yn 1844 publisearre er Die männlichen und weiblichen Wollust-Organe des Menschen und einiger Säugetiere, in wurk dat in soad ynfloed hân hat. Kobelt brocht in wiedweidige en sekuere beskriuwing fan de funksje fan de klitoris op syn namme.[2]
De "Buizen fan Kobelt" binne nei him neamd, dy't oerbliuwsels binne fan de mesonefrenyske buizen (Oernierbuis fan it embryo) yn de parooforon. Dy oerbliuwsels wurde somtiids ek oantsjut as Buiskes fan Wolff, ferneamd nei Caspar Friedrich Wolff (1733–1774).
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|