Springe nei ynhâld

Fjildwachter

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Gemeentefjildwachter)
Fjildwachter De Vos fan Hemeler Oldefert en Koudum, ±1913

In fjildwachter wie de beneaming fan in plysjeamtner dy't de oarder handhavenje moast.

Nederlân hie gemeentefjildwachters en ryksfjildwachters. De earsten hiene allinnich foech yn de gemeente en dêrom wienen gemeentefjild faak teffens oansteld as net betelle ryksfjildwachter.

Yn Nederlân wie de gemeentefjildwachter amper in profesjonele plysje. De gemeente fûn de funksje fan fjildwachter ek net sa wichtich. Hy waard min betelle en syn unifoarm wie faak slytsk. In fjildwachter moast de gemeente faak freegje om in nij unifoarm nei't er dy al jierren droegen hie.

It salaris fan de fjildwachter wie meast leech. Trochsnee fertsjinne er om 1900 hinne sa'n 250 gûne it jier. Dêrom hie er der faak oar wurk neist. As er ek boade wie en opsichtere by iepenbiere wurken krige er taslaggen fan 25 oant 30 gûne it jier.

Yn de jierren 1930 komt der ferbettering en wurdt de funksje profesjoneler. De fjildwachter krige doe rjocht op 30 gûne fytsfergoeding, 50 gûne diplomatalage, unifoarmjild, in hierfrije went en medyske behanneling. De nije fjildwachter stie ek net oeral allinnich mear foar. By in bysûnder barren sa as merken, krige er help fan ryksfjildwachters fan it distrikt of guonts fan de Keninklike Maresjesee. De fjildwachter waard fan de jierren 1930 ôf ek ynset as sedemaster.

Optochte fjildwachters binne bygelyks fjildwachter Flipsen út de jeugdboeken oer Dik Trom fan C. Joh. Kieviet, Bromsnor út de ferhalen oer Swiebertje, fjilldwachter Zwart yn de Kameleon-rige en fjildwachter Geitebrei út Pommetje Horlepiep. Dy waarden tige bekend by it publyk en wiene foar in part ferantwurdlik foar de byldfoarming fan dat amt by de lettere generaasjes.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Nederlânsktalige Wikipedia, Veldwachter