Gebuirtestins I
Stins I in ’t gebuirte (Stins yn de buorren) wie in stins yn Holwert yn de gemeente Dongeradiel. Yn de buorren fan Holwert stiene in oantal huzen dy't as "stins" oantsjutten waarden. Unbekend is oft it om midsiuwske gebouwen giet. Neffens it stimkohier fan 1640 gie it om grutte huzen: der wie doe stimrjocht oan ferbûn.
Yn 1640 wie de gritenijsekretaris dr. Cornelius Vermees eigener en bewenner. Hy hie dit stens huys ende langhuys, boomen ende plantagie, stecken mitsgaders leedighe plaetse inde gebuierte van Holwert, strekkende van de strate tot achter aende schipvaert yn 1631 kocht fan de erfgenamten fan jonker Worp fan Tjessens en dy syn frou Ursel fan Scheltema. Ek de opfolgjende sekretarissen Zacharias Huber, Gerlacus van Scheltinga en yn de 18e iuw Claes Jilles Hulshuijs wennen der. Yn 1640 wie der al in olde huijsinge ten westen van de stins bijkocht en yn 1647 kocht Huber een hoff, tuin, bomen en plantagie besuden syn hûs, oan de noardkant begrinze troch eigendom fan Hessel fan Meckema. By de keap fan it hûs yn 1645 wie dit omskreaun as seeckere stins en huijsinge, sampt koecken terzijde met de plaets ende hovinge daer bij zijnde en oandiel oan de put ende steige. Yn 1784 ferkocht in neisiet fan Cl. J. Hulshuijs de stins inde buuren oan Jacob Reinders Bleinsma. It hûs waard doe omskreaun as in schoone, stemgeregtigde en rojale huysinge, voorsien met drie onder en drie boven camers, waaronder een groot zaale en een vertrek met een schoonen Sweedse vloer van wit albasten steenen. It hûs wie wielderich ynrjochte en hie fierders in keuken, hynstestâl, weinhûs, twa putten, in dowetille, in grutte hôvinge en tunen dy't mei in ringmuorre beskutte wiene. Under de Bleinsma's is it gebou yn ferfal rekke en brûkt as jeneverstokerij, dy't yn 1806 noch bestie (reëelkohier).
Bewenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- oant 1631 erfgenamten fan jonker Worp fan Tiessens
- 1640 dr. Cornelius Vermees
- 1645 Zacharias Huber
- Gerlacus fan Scheltinga
- Claes Jilles Hulshuijs
- oant 1784 fam Hulshuijs
- 1784 Jacob Reinders Bleinsma
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|