Geartsje de Vries

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Geartsje de Vries (Koudum, 1 july 1964) is sjoernaliste, redaktrise en presintatrise by Omrop Fryslân.

De Vries folge tusken 1982 – 1986 in oplieding foar ûnderwizeresse oan de kristlike Pedagogyske Akademy 'De Him' yn Snits. Nei in jier sûnder wurk kaam se by Omrop Fryslân. Foardat se by de skoalradio kaam wie se algemien radioredakteur/ferslachjouwer en presintator, die dêr 13 jier redaksjewurk foar bygelyks it programma "Gribus".

Fan 2000 oant 2015 makke sy foar Omrop Fryslân programma's skoalradio, edukative programma's, rjochte op it Frysk en op auditive feardichheden, foar bern op de basisskoalle. Om dizze auditive feardichheden fan bern te trenen, binne de measte programma's yn de foarm fan harkspullen. Sûnt septimber 2015 sit de Vries yn de redaksje fan it opiny- en achtergrûnprogramma "Buro de Vries". Njonken it meitsjen fan reportaazjes, is se presintator fan dit programma dat live op snein útstjoerd wurdt.

Fierders docht sy voice-overs foar tv-programma's en docht simmerdeis de ferslachjouwing fan it SKS-skûtsjesilen. As ZZP-er wurket Geartsje de Vries as presintator fan eveneminten, deifoarsitter en se lêst Fryske audioboeken foar.