Gauke Bootsma
Gauke Bootsma (Hylpen, 16 maart 1942) is konservator fan it Earste Fryske Reedridersmuseum yn Hylpen.
Nei de ambachtsskoalle, rjochting skilderjen, waard er ferver dy't yn 1971 foar himsels begûn. Bootsma sammele altyd al fan alles, mar doe't er yn Otterlo by it tegeltsjesmuseum wie ûntstie it plan om sels letter ek in museum te hawwen. Gauke hie sels altyd knap ride kind. Hy wie bestjoerslid fan de iisklup fan Hylpen, siet yn it Fryske Iisbûn, en wie assistint rayonhaad fan de Fryske Alvestêdeferiening. Sa begûn er mei it sammeljen fan houtsjes en oare reedrydkurioaza. Hy lei him mear en mear ta op it garjen fan spullen fan it koartebaanriden en de Alvestêdetochten. Fan de dielnimmers krige er fan alles.
Yn 1983 iepene er in reedrydmuseum fan 85 m². It is yn 2010 útgroeid nei 500 m² oerflak en in pankoekrestaurant ('De Friese doorloper'). It 25-jierrich bestean fan it museum waard op 20 febrewaris 2010 fierd mei in reuny fan de earste 25 manlju en 5 froulju fan de alvestêdetocht fan 1985. Foar syn fertsjinsten foar it reedriden krige Bootsma de Van Heloma beker fan de KNSB. Boppedat waard er earelid fan de iisklup fan Hylpen doe't er 25 jier yn it bestjoer sitten hie. Bûten it reedriden is der yn it museum ek in keamer mei tegeltsjes, in tinsamling en in klompmakkerij.
Yn jannewaris 2016 droech Bootsma it museum oer oan syn trije bern: Hendrika, Grietje en Pieter[1].
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|