Gasconne
| Gasconne | ||
| koweras | ||
| Algemiene ynformaasje | ||
| oarspronglân | ||
| regio | Pyreneeën | |
| gebrûk | fleisproduksje | |
| Uterlik | ||
| skofthichte | ± 1,35-1,45 m | |
| gewicht | bolle:1000–1150 kg ko: 650–750 kg | |
| kleur(en) | effen griis | |
| hoarns | fan natuere hoarnich | |
| Karakter en eigenskippen | ||
| temperamint | rêstich | |
| Fokkerij | ||
| stamboek | Groupe Gasconne des Pyrénées NL: FHRS | |
| Oare ynformaasje | ||
| fersprieding | Oksitaaanje | |
De Gasconne is in tige âld Frânsk koweras.
De Gasconne hat in karakteristike sulvergriis hier mei donkere rânen om 'e eagen en de snút. Se hawwe sterke poaten en hurde hoegen, wat se tige geskikt makket foar rûch terrein.
It is in saneamd 'rustyk' ras, itjinge sizze wol dat it in ras is dat nea krúst is foar bettere prestaasjes. De kij ferdraacht tige goed wikseljende temperatueren en hat genôch oan ienfâldich foer (lykas gers en krûden). Se steane bekend om harren goede memme-eigenskippen, keallen wurde hast altyd sûnder help fan 'e boer berne.
It fleis fan 'e Gasconne wurdt troch leafhawwers tige wurdearre om de rike, folle smaak.
Yn Nederlân en Fryslân wurdt dit ras jimmeroan populêrder, fral by boeren dy't wurkje mei de natuer en de kij it hiele jier bûten rinne litte.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Gasconne fan Wikimedia Commons. |