Ganymedes (studinteferiening)
Ganymedes LGBT Studentenvereniging (yn it koart: Ganymedes) is yn desimber 2008 oprjochte troch in tal studinten út Grins om foar homo-, bi- en transseksuele (LGBT) studinten aktiviteiten en boarrels te organisearjen. Ganymedes is in studinteferiening wêr't LGBT studinten yn Grins mei inoar yn kontakt komme. Ganymedes is te ferlikenje mei de "gay-straight alliances", sa ast in protte sjochst yn Noard-Amearikaanse universiteiten. Ganymedes is in studinteferiening dy't gjin ûntgriening, yntroduksjetiid of in systeem mei jierklubs hatt.