Springe nei ynhâld

Gangnihessou

Ut Wikipedy

Gangnihessou, of Ganjé Hessû (regearre sa. 1600-1625), is de earste fan de tradisjonele "tolve keningen fan Dahomey."

Neffens de ferhalen kaam Gangnihessou út in dynasty dy't yn de 16e iuw út Tado oan de Mono, dat no yn Togo leit, nei Allada kamen, en dêr keningen waarden fan Grut Ardra. Hy wie ien fan fjouwer bruorren. Ien fan harren wie kening fan Grut Ardra, en nei syn dea waarden syn gebieten ferdield oer syn trije bruorren. Sa ûntstie, njonken Grut Ardra en Lyts Ardra ek Dahomey, al wie dat lêste doe noch net grutter as it Abomey-plato.

Ganjé Hessû soe om 1620 hinne kening west hawwe. Hy moat fan de troan stutsen wêze troch syn broer Dakodonou wylst er rûnreizge troch it keninkryk. Syn symboalen wienen it mantsje fan de gangnihessou-fûgel, in tromme en in jeistôk mei in smythout. (De fûgel wie in sprekkend symboal foar syn namme.)

It is net hielendal dúdlik oft er histoarysk al kening west hat. It soe ek kinne dat er in lieder fan kwizekwânsje wie dy't troch de krêft fan syn advizen de saken fan de mienskip regele, wylst earst syn broer Dakodonou as earste de titel fan kening oannaam. Yn elts gefal waard Tako Donû dúdlik yn syn tiid as kening beskôge.

Soenen de ferhalen folge wurde, dan wiist it tal fan bruorren der op dat Gangnihessou feitlik de broer west hawwe moat dy't as kening fan Grut Ardra kening oer de trije lannen wie. Der binne yndie ek ferhalen dy't him yn dy funksje neame. Dêryn is dan Dogbagrigenu de broer dy't Dahomey krijt, en is Dakodonou de soan fan Dogbagrigenu.