Springe nei ynhâld

Galmsbüll

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Galmsbel)
Galmsbüll / Galmsbel
Lokaasje fan Galmsbüll (read) yn de kreis Noard-Fryslân.
Lokaasje fan Galmsbüll (read) yn de kreis Noard-Fryslân.
Symboalen
Bestjoer
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Sleeswyk-Holstein
KreisNoard-Fryslân
AmtSúdtondern
Sifers
Ynwennertal555 (31.12.2024)[1]
Oerflak49,05 km²
Befolkingsticht.11 ynw./km²
Hichte0 m
Oar
Postkoade25899
Offisjele webside
www.galmsbuell.de
Kaart
Galmsbüll (Sleeswyk-Holstein)
Galmsbüll

Galmsbüll (Noardfrysk: Galmsbel; Deensk: Galmsbøl)) is in plak en gemeente yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente makket diel út fan it amt Súdtondern en hat 555 ynwenners (2024).

It gemeentlike grûngebiet fan Galmsbüll leit oan 'e Noardseekust yn it kultuerlânskip Nordfriesische Marsch, bewesten en súdwesten fan Niebüll. Dit part lei eartiids yn it hartochdom Sleeswyk. Fan 'e oergong fan 'e 17e nei de 18e iuw ôf waard it gebiet stadichoan yndike. De bewenning yn 'e gemeente bestiet hast folslein út fersprate huzen. Allinnich de doarpskearn fan Neugalmsbüll (Noardfrysk: Naigalmsbel; Deensk: Ny Galmsbøl) foarmet in sletten delsetting. Neugalmsbüll foarmet, ûnder oare troch de Sint-Gallustsjerke dy't dêr stiet, it sintrum fan 'e gemeente.

Hjoed-de-dei bestiet de gemeente út de folgjende polders (Köge):

  • Alter Christian-Albrechts-Koog (Noardfrysk: Üülje Krisen-Albrechen-Kuuch; Deensk: Gammel Christian Albrechts Kog)
  • Neuer Christian-Albrechts-Koog (Noardfrysk: Naie Krisen-Albrechen-Kuuch; Deensk: Ny Christian Albrechts Kog)
  • Kleiseerkoog (Noardfrysk: Kloisiiekuuch; Deensk: Klægsøkog)
  • Marienkoog (Noardfrysk: Mariienkuuch; Deensk: Marie Kog)
  • Galmsbüllkoog (Noardfrysk: Galmsbelkuuch; Deensk: Galmesbøl Kog)

Earder wiene fjouwer fan 'e polders selsstannige gemeenten. Alter Christian-Albrechts-Koog en Neuer Christian-Albrechts-Koog foarmen tegearre ien gemeente en ek de iennige doarpskearn Neugalmsbüll foarme mei Galmsbüllkoog ien gemeente. Op 1 febrewaris 1974 waarden dy polders yn it ramt fan 'e weryndieling yn Sleeswyk-Holstein gearfoege ta ien gemeente.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Stêden en gemeenten yn 'e Kreis Noard-Fryslân
Achtrup · Ahrenshöft · Ahrenviöl · Ahrenviölfeld · Alkersum · Almdorf · Arlewatt · Aventoft · Bargum · Behrendorf · Bohmstedt · Bondelum · Bordelum · Borgsum · Bosbüll · Braderup · Bramstedtlund · Bredstedt · Breklum · Dagebüll · Drage · Drelsdorf · Dunsum · Elisabeth-Sophien-Koog · Ellhöft · Emmelsbüll-Horsbüll · Enge-Sande · Fresendelf · Friedrich-Wilhelm-Lübke-Koog · Friedrichstadt · Galmsbüll · Garding · Garding, Kirchspiel · Goldebek · Goldelund · Gröde · Grothusenkoog · Haselund · Hattstedt · Hattstedtermarsch · Högel · Holm · Hooge · Hörnum (Sylt) · Horstedt · Hude · Humptrup · Husum (haadstêd) · Immenstedt · Joldelund · Kampen (Sylt) · Karlum · Katharinenheerd · Klanxbüll · Klixbüll · Koldenbüttel · Kolkerheide · Kotzenbüll · Ladelund · Langeneß · Langenhorn · Leck · Lexgaard · List · Löwenstedt · Lütjenholm · Midlum · Mildstedt · Nebel · Neukirchen · Nieblum · Niebüll · Norddorf auf Amrum · Norderfriedrichskoog · Nordstrand · Norstedt · Ockholm · Oevenum · Oldenswort · Oldersbek · Olderup · Oldsum · Ostenfeld (Husum) · Oster-Ohrstedt · Osterhever · Pellworm · Poppenbüll · Ramstedt · Rantrum · Reußenköge · Risum-Lindholm · Rodenäs · Sankt Peter-Ording · Schwabstedt · Schwesing · Seeth · Simonsberg · Sollwitt · Sönnebüll · Sprakebüll · Stadum · Stedesand · Struckum · Süderende · Süderhöft · Süderlügum · Südermarsch · Sylt · Tating · Tetenbüll · Tinningstedt · Tönning · Tümlauer-Koog · Uelvesbüll · Uphusum · Utersum · Viöl · Vollerwiek · Vollstedt · Welt · Wenningstedt-Braderup (Sylt) · Wester-Ohrstedt · Westerhever · Westre · Winnert · Wisch · Witsum · Wittbek · Wittdün auf Amrum · Witzwort · Wobbenbüll · Wrixum · Wyk auf Föhr
· · Berjocht bewurkje