Springe nei ynhâld

Galina Ustvolskaja

Ut Wikipedy

Galina Ivanovna Ustvolskaja (Russysk: Галина Ивановна Уствольская) (Petrograd (Sint-Petersburch), 17 juny 1919 - Sint-Petersburch, 22 desimber 2006) wie in Russysk komponiste.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ustvolskaja studearre fan 1937 - 1947 by Dmitri Sjostakovitsj oan it konservatorium fan Sint-Petersburch dêr't se sels fan 1948 ôf komposysje dosearre. Hja gou mei Sofja Goebajdoelina as de wichtichste froulike komponist fan it moderne Ruslân.

De Nederlânske musikus Reinbert de Leeuw en de filmmakker Cherry Duyns makken yn opdracht fan de VPRO yn 1994 een dokumentêre oer Ustvolskaja, har wurk en de betsjutting dêrfan yn de hjoeddeiske muzyk. Ustvolskaja wie mar koart te sjen, omt hja mediapublisiteit hieltyd mijt.

Hja wie ek bekend as in tige eigensinnich komponist. Se libbe iensum en allinnich. Galina Ustvolskaja stoar op 22 Desimber 2006 om 13:00 oere yn Sint-Petersburch op 87 jier.

Duetten en trio

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Oktet foar 2 hobo's, 4 fioelen, pauken en piano
  • Komposysje nr. 1 foar pikkolofluit, tuba en piano (1970/71) "Dona nobis pacem"
  • Komposysje nr. 2 foar 8 kontrabassen, piano en slachwurk (1972/73) "Dies irae"
  • Komposysje nr. 3 foar 4 fluiten, 4 fagotten en piano (1974/75) "Benedictus, qui venit"
  • Konsert foar piano, pauken en strykorkest (1946)
  • Symfony nr. 1 (1955)
  • Symfony nr. 2 (1979) "Wiere, Ivige Sillichheid"
  • Symfony nr. 3 (1983) "Jezus, Messias, rêdt us"
  • Symfony nr. 4 (1986) "Gebed"
  • Symfony nr. 5 (1990) "Amen"

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]