Galaxy Award (pornografy)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Galaxy Award
Premio Galaxy
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Flag of Spain.svg Spaansk
útrikt foar pornografyske film
útrikt troch Milkyway Channel
frekwinsje 1x jiers
plak Barseloana (Spanje)
ynsteld 2010
1e útrikking 2010
offisjele webside
www.premiosgalaxy.com

De Galaxy Awards (Spaansk: Premios Galaxy) binne in groep Jeropeeske filmprizen dy't ienris yn it jier takend waarden foar de bêste pornografyske films. Se besteane sûnt 2010, en wurde útrikt op it Galaxy Awards Gala yn it Spaanske Barseloana, dat organisearre wurdt troch Milkyway Channel, de earste Spaanske webside oer nijs út 'e pornoyndustry. De Galaxy Awards binne opdield yn twa haadkategoryen, Spaansk en ynternasjonaal, dy't beide wer ûnderferdield binne yn 16 subkategoryen. Sa binne der trije prizen foar bêste aktrise: bêste Spaanske aktrise, bêste ynternasjonale aktrise (Jeropa) en bêste ynternasjonale aktrise (Amearika), en itselde jildt foar bêste akteur en bêste nije aktrise.

Stimmen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It fêststellen fan 'e winners fan 'e ûnderskate prizen giet sa: earst nominearret de organisaasje (Milkyway Channel) foar eltse kategory tusken de fiif en de fyftjin kandidaten wêrfan't sy fine dat dy yn oanmerking komme foar de priis. Dan kinne de fans fia de webside op harren favoryt yn eltse kategory stimme, mar om dûbeld stimmen foar te kommen, wurde sokke stimmen inkeld akseptearre as se yn in e-mail oan 'e organisaasje befêstige wurde (per e-mailadres kin der dus mar ien kear stimd wurde). De fjouwer kandidaten dy't yn eltse kategory de measte stimmen krigen hawwe, wurde dan de finalisten. Dêrop stimme tolve saakkundige sjueryleden sûnder mei-inoar te oerlizzen op wa fan 'e finalisten oft sy fine dat winne moat. De stimmen fan de sjuery wurde dêrnei opteld en wa't dan de measte stimmen hat, is de winner.

Kategoryen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Spaanske kategoryen
  • Mejor Trailer
  • Mejor Web de Entretenimiento Adulto
  • Mejor Web/Blog Personal
  • Mejor Escena
  • Mejor Escena Lésbica
  • Escena Más Divertida
  • Mejor Escena Amateur
  • Mejor Serie
  • Serie Más Original
  • Mejor Website
  • Mejor Website Multiserie
  • Mejor Webcammer
  • Mejor Actor Revelación
  • Mejor Actriz Revelación
  • Mejor Actor
  • Mejor Actriz
ynternasjonale kategoryen
  • Best Trailer
  • Best Personal Website
  • Best Photo Content
  • Best B/G Scene
  • Best G/G Scene
  • Best Group Scene
  • Best Series (Europe)
  • Best Series (America)
  • Best Website
  • Best Network
  • Best New Female Performer (Europe)
  • Best New Female Performer (America)
  • Best Male Performer (Europe)
  • Best Male Performer (America)
  • Best Female Performer (Europe)
  • Best Female Performer (America)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: