Galapagospinguïn
Appearance
De Galapagospenguin (Spheniscus mendiculus) is soarte yn it skaai fan de brilpinguïns dy't foarkomt op 'e Galapagoseilannen. It is de ienichste pinguïnsoarte dy't by de evener libbet, en dêrmei op it noardlik healrûn foarkomme kin. Dat de Galapagospinguïn yn dy omkriten libje kin komt omdat de kâlde golfstream fan Humboldtstream de temperatuer leech hâldt. Nei alle gedachten is dy golfstream ek de rûte dy't de pinguïns nei de Galapagoseilannen brocht hat. De measte Galapagospinguïns libje op Fernandina en oan de westkust fan Isabella, mar der libje ek lytse groepkes op de oare eilannen.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Galapagospinguïn fan Wikimedia Commons. |