Fuotbalferiening It Hearrenfean
| V.V. It Hearrenfean | ||||||||||||||||||||||
| Oprjochte | 20 july 1920 | |||||||||||||||||||||
| Plak | It Hearrenfean | |||||||||||||||||||||
| Sportkompleks | Sportpark Skoatterwâld | |||||||||||||||||||||
| Kompetysje | Sneons twadde klasse | |||||||||||||||||||||
| ||||||||||||||||||||||
Fuotbalferiening It Hearrenfean is de amateurôfdieling fan SC It Hearrenfean. De thúswedstriden wurde spile op Sportpark Skoatterwâld oan de Oranje Nassaulaan. It tenu fan de klup bestiet út blau/wyt streke shirt mei pompeblêden (as de Fryske flagge), wite broek en swarte sokken mei in blau-wite râne.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De feriening waard yn 1920 oprjochte as "VV Spartaan". Nei meardere fúzjes en in nammewiziging waard It Hearrenfean in topper yn it Noarden fan it lân, mei Abe Lenstra as ferneamde spiler. Yn de Hongerwinter 1944-1945 helle de klup 86 jonge fuotballerkes út Amsterdam nei It Hearrenfean om oan te sterkjen. Se waarden ûnderbrocht by klupleden, ûnder wa Lenstra. Yn 1977 splitste de ôfdieling betelle fuotbal him ôf en gie fierder as SC It Hearrenfean.
Sûnt 1928 spile de klup syn wedstriden op Sportpark Noard, Op 4 septimber 1996 waard it Sportpark Skoatterwâld yn gebrûk naam. SC It Hearrenfean wie al earder ferhúze nei it Abe Lenstra Stadion, en brûkt Sportpark Skoatterwâld as trainingslokaasje en as haadstadion fan de froulju.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
|