Fuotbalferiening Gersleat is de fuotbalklup fan Gersleat en is oprjochte op 30 septimber1930. De fjilden lizze oan de Tynjewei. It tenu fan de klup bestie út in wyt shirt mei reade mouwen mei swarte râne, in swarte broek en reade sokken.
Fuotbalferiening Gersleat is ien fan de lytste fuotbalferienings fan Nederlân, en waar yn de krisisjierren oprjochte troch twa fuotballeafhawwers. Yn 1941 besleaten de buorlju de famylje Bouma om in kafee ta grutte fan 11 m. x 4,5 m. by harren hûs oan de oare kant fan de dyk te bouwen. Dit kafee pleatslik bekend as Kafee Bouma hat 68 jier tsjinst dien as kantine fan de fuotbalferiening. Yn 1976 waarden der by it fjild inkelde klaaikeamers boud. Yn 2018 waarden it kafee en klaaihokjes, ferfongen troch nij gebou dat tsjinst docht as doarpshûs, kantine en klaaikeamers.