Springe nei ynhâld

SC Frjentsjer

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fuotbalferiening Frjentsjer)
SC Frjentsjer
SC Franeker
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
type org. feriening
wurkmêd sport (fuotbal)
fêstige yn Frjentsjer (Fryslân)
oprjochte 1970
fuortk. út fúzje f. 2 eardere klubs
tal leden ±600 (2018)
offisjele webside
www.scfraneker.nl

SC Frjentsjer (folút: Sportclub Frjentsjer; Nederlânsk en offisjeel: SC Franeker) is in fuotbalklup út 'e Fryske stêd Frjentsjer. De feriening omfiemet likernôch fjirtich teams, en it earste alvetal spilet yn 'e tredde klasse fan 'e sneinskompetysje fan it KNVB. Sûnt 2015 hat SC Frjentsjer nei in ûnderbrekking fan acht seizoenen ek wer in standertalvetal dat yn 'e sneonskompetysje spilet en útkomt yn 'e fjirde klasse.

It tenu bestiet út in giel shirt mei blauwe skouders en kraach, in blauwe broek en blauwe sokken. De fjilden fan 'e feriening lizze oan it Jan Rodenhuisplein.

sporttenu SC Frjentsjer


SC Frjentsjer is op 1 july 1970 ûntstien út in fúzje fan twa eardere fuotbalklups. Dat wiene Froonacker, út Frjentsjer, dy't sels oprjochte waard yn 1949, en Freno (in ôfkoarting fan Franeker en omstreken) út Skalsum, dy't datearre fan 1926.

Yn 2018 hie SC Frjentsjer krapoan 600 leden út Frjentsjer en omlizzende doarpen, wêrfan 400 jonger as njoggentjin jier. Yn 2008 hie de klup noch 754 leden.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: