Springe nei ynhâld

Fuotbalferiening Easterlittens

Ut Wikipedy
V.V. Easterlittens
Oprjochte31 jannewaris 1935
PlakEasterlittens
SportkompleksSportpark Tred'Iene
KompetysjeSneins fjirde klasse
Teamkleuren Teamkleuren Teamkleuren
Teamkleuren
Teamkleuren
Tenu
Webstee V.V. Easterlittens
offisjele webside

Fuotbalferiening Easterlittens (VVO) is oprjochte op 31 jannewaris 1935 en spilet op "Sportpark Tred'Iene" yn Easterlittens. It tenu fan de klup bestiet út in giel shirt mei reade flanken, in reade broek en reade sokken.

De foarrinner fan VVO wie "TORO". In groep jongfeinten út Easterlittens giene yn de jierren foarôfgeand oan 1935 as ploech al te fuotbaljen nei bygelyks Dronryp en Menaam. Yn jannewaris 1935 ûntstie der dus offisjeel in fuotbalferiening yn Easterlittens ûnder de namme VVO. De oprjochtingsgearkomste wie yn kafee Visser oan It Plein te Easterlittens. Op dizze jûn joegen har fuortendaliks 20 leden op. Op 27 july 1935 sleat de klup him by it Fryske Fuotbalbûn (FVB) oan.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: