Fuotbalferiening De Monnik is oprjochte op 13 maart1933 en spilet op it fuotbalfjild oan de Jacobspad. It tenu fan de klup bestiet út in read shirt mei in blauwe V, in blauwe broek en blauwe sokken mei trije reade strepen.
De Monnik spilet pas sûnt 1979 kompetysje ferbân by de KNVB. Al yn 'e 1920-er jierren waard der op it eilân fuotballe, mar in feriening bestie der noch net. De seefeartskoalle beskikte wol oer in alvetal en waard der tsjin badgasten spile. Der waard ien kear yn kompetysjeferbân spile yn 1933/1934, mar om't se foar elke wedstriid mei de boat reizgje moasten, gie De Monnik nei dat seizoen allinne freonskiplike wedstriden spyljen. Yn 1966 begûn er mei it organisearjen fan it "Himelfearttoernoai", it hjoeddeiske "Reinder Seitsma toernoai". Yn 1993 krige it fjild fan de klup in tribune, hokker yn 2017 fernijd waard.