Springe nei ynhâld

BCV

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fuotbalferiening BCV)
BCV
Oprjochte: 27 maaie 1949
Plak: Burgum
Kompleks: It Keningslân
Kompetysje: sneonsearstklasse E
Tenu
webstee BCV

BCV (Bergumer Christelijke Voetbalvereniging) is in fuotbalklup út Burgum.

De sneonsferiening is oprjochte op 27 maaie 1949. Mei yngong fan 1 july 2019 fusearre de feriening mei VV Burgum oant FC Burgum. Al foar de fúzje wie de jeugd fan BCV kombinearre mei dy fan VV Burgum en spile ûnder de namme SJO BBC (Samenwerkende Jeugd Opleiding Bergum BCV Combinatie). De thúswedstriden waarden op Sportpark Het Koningsland oan de Boargemaster Lohmanleane yn Burgum spile. It tenu bestie út in wyt shirt mei in reade baan, in wite broek en reade sokken. De kantine hjit De Foarset en it ledeblêd Fjildpost.

Al yn 1931 wie der yn Burgum in kristlike fuotbalferiening dy 't HMS hiet, dat stie foar Houdt Moedig Stand. Dizze feriening waard trije jier letter alwer opheft. Op 27 maaie 1949 waard Wardy oprjochte, mar droech dizze namme mar in healjier, omdat der al in oare feriening mei dy namme wie. Sûnt dy tiid hjit de feriening BCV. De feriening hat op ferskate lokaasjes spile. Der waard begûn op de Bulthuissingel mei ien fjild. De lêste akkommodaasje wie it Sportpark Het Koningsland, dêr't ek fúzjepartner VV Burgum húsfestige wie. Dêr hiene se sân wedstriidfjilden en in pear trainingsfjilden ta foldwaan.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: