Fuotbalferiening Ouwe Syl

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fuotbalferiening Aldebiltsyl)
VV Ouwe Syl
Oprjochte: 1967
Plak: Aldebiltsyl
Tal leden: 65
Kompetysje: sneons fyfde klasse
Tenu
webstee VV Ouwe Syl

Fuotbalferiening Ouwe Syl is de fuotbalferiening fan Aldebiltsyl. De feriening is yn 1967 fuortkaam út de kristlike kuorbalferiening Ouwe Syl. It earste alvetal spile lang yn de 2e klasse FVB, mar spilet yn 2008 yn de 5e klasse. De Weromspylbal is it ynformaasjeblêd fan de klup.

De feriening fan 65 leden hat 3 senioareteams, gjin junioaren mar wol C-junioaren, D-, E-, en F-pupillen. Der is in trainingsfjild en in spylfjild op sportkompleks 'De nije anwas' oan de Van Egmondstrjitte.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]