Fuel Power Event
Fuel Power Event | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Waadhoeke | |
plak | Tsjom | |
tiid fan it jier | mids septimber | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | sportevenemint | |
bestean | 2009 – no | |
offisjele webside | ||
www.fuelpower.nl |
It Fuel Power Event (Ingelsk foar it "Brânstofkrêftevenemint") is in trijedeisk barren op it mêd fan trekker- en frachtweinlûken dat sûnt 2009 elts jier yn in wykein om 'e midden fan 'e moanne septimber hinne organisearre wurdt yn it Fryske doarp Tsjom. It is it grutste evenemint fan syn soarte yn Noard-Nederlân. Dêrom waard it fan 2018 ôf troch de Nederlânske Truck- en Tractorpulling Organisaasje (NTTO) útornearre foar it hâlden fan ferskate Nederlânske kampioenskippen.
Yn 2018 bestie it Fuel Power Event út 'e folgjende ûnderdielen. Op 'e freed waarden de Nederlânske Kampioenskippen Truckpulling (frachtweinlûken) fan 'e NTTO holden foar sporttrucks en supersporttrucks. Dêrnjonken fûnen der ek trekkerlûkwedstriden plak foar standerttrekkers (benammen út 'e omkriten fan Tsjom) en foar sporttrekkers en supersporttrekkers. Op 'e sneon waard de Nederlânske Kampioenskippen Farmstock fan 'e NTTO holden, wêrby't standert-, sport- en supersporttrekkers de striid oangiene om 'e nasjonale kampioenstitel. Op 'e snein folge de combinerace, wêrby't mei combines racet waard, ek wer om 'e kampioenstitel fan 'e NTTO. De combinerace wie yn 2018 in nij ûnderdiel fan it Fuel Power Event.
Njonken de ûnderskate kampioenskippen en wedstriden, wurdt op it Fuel Power Event ek altyd in breed skala oan demonstraasjes jûn, en fierders is der live-muzyk yn in feesttinte. Foar âldere bern wie yn 2018 in 45 m lange stoarmbaan oanlein, en foar de alderjongste besikers wiene der ferskate springkessens beskikber.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|