Springe nei ynhâld

Fryslân 1853-1856

Ut Wikipedy

Fryslân 1853-1856 (Friesland 1853-1856) is in atlas fan Fryslân, yn 1992 útjûn troch Wolters-Noordhoff as part fan de Grote historische provincie atlas, en gearstald en ynlaat troch P.W. Geudeke. De skaal fan de kaarten is 1:25.000.

De atlas is in werprinting fan de netkaarten fan it neamde tiidfak, mar dan op gruttere skaal. Dat kin om't de boarnekaarten tige persys makke binne; feitlikens mei sa folle detail dat men der in fergrutglês by hawwe moast. De atlas is opset as tsjinhinger fan de Grutte Provinsje Atlas Fryslân.