FryslânDOK

Ut Wikipedy

FryslânDOK is it telefyzjeprogramma fan Omrop Fryslân dat op 'e NPO útstjoerd wurdt op sneintemoarn. It giet om in rige dokumintêres dy't makke binne troch meiwurkers fan Omrop Fryslân sels. Werhellings wurde troch de wike útstjoerd op it telefyzjekanaal fan Omrop Fryslân.

De dokumintêres fan FryslânDOK ha in grut ferskaat oan ûnderwerpen, fan skiednis oant literatuer en fan sport oant arsjitektuer.[1] De Frysktalige dokumintêres fan it programma wurde Nederlânsk ûndertitele. FryslânDOK bestiet sûnt 2009.

FryslânDOK hat in eigen podcast: FryslânDOK, ferhalen fan it flakke lân.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. npostart.nl