Fryske Underwiispriis
De Fryske Underwiispriis is in priis dy't ynsteld is om de kreativiteit yn it ûnderwiis yn it omtinken te bringen. Mei de priis wurdt in persoan of in skoalle yn it sintsje setten as foarbyld foar oaren. It útrikken fan sa’n priis past yn it provinsjale taalbelied fan it stimulearjen fan en it ferlieden ta mear en better ûnderwiis yn it Frysk. Op 13 jannewaris 2009 rikte deputearre Jannewietske de Vries de twajierlikse Underwiis Fryslân foar it earst út oan in basiskoalle en oan in skoalle foar fuortset ûnderwiis. De priis bestiet út in jildbedrach en in plastyk yn de foarm fan in Brûnzen Oaljefant, spesjaal ûntwurpen troch it keunstnerskollektyf De Provinçialen.
De provinsjale winners binne automatysk nominearre foar de Nasjonale Underwiispriis. De Nasjonale Underwiispriis is in inisjatyf fan it INOP, it Ynstitút foar Nasjonale Underwiispromoasje.
Jier | Basisskoallen | Foar | Fuortset ûnderwiis | Foar |
---|---|---|---|---|
2019 | De Opslach (Wommels) De Romte (Itens) De Stjelp (Baard) It Bynt (Winsum) |
Greidhoeke goes Onderwijs | Lauwerskolleezje (Bûtenpost) |
Skiekundelessen |
2017 | De Wiekslag (Drachten) |
aktiviteiten mei de âlderein fan in soarchsintrum | Piet Bakkerskoalle (Snits) |
projekt: Leare, Wurkje, Reizgje! |
2015 | Sint Paulusskoalle (Ljouwert) |
Koitsje op skoalle | De Splitting (Drachten) |
medialessen oan âlderen |
2012 | Willem Alexanderskoalle (Ljouwert) |
Kanonfinsters | CSG Liudger (Drachten) |
tsjingean cyberpesten |
2011 | It Holdersnêst (De Harkema) |
bern en âlders sette in lytse ûndernimming yn har buert op | Marne Kolleezje (Boalsert) |
|
2009 | W.A. Nijenhuisskoalle (Ketlik) |
projekt: Alice yn Ketlikerlân |