Springe nei ynhâld

Fryske Organisaesje foar Kulturele Autonomy

Ut Wikipedy
FOKA aksje yn maaie 1974 yn Utingeradiel (Ljouwerter Krante 29-05-1974).

De Fryske Organisaesje foar Kulturele Autonomy (ôfkoarte FOKA) wie yn it jier 1974 in organisaasje fan Fryske studinten yn Grins. Foaroanmannen fan de FOKA wienen Alex Riemersma en Auke van der Goot.

Nei Kneppelfreed wienen der troch de oerheid ferskate tasizzingen dien oan it Fryske folk. Neffens de organisaasje wie it plak fan it Frysk yn iepenbiere rûnten noch fierstente lyts.

Yn 'e nacht fan 24 op 25 april wie de earste aksje ûnder it motto: "Frysk Blinders". In stikmannich ferkearsbuorden, plaknammebuorden en oare iepenbiere opskriften waarden mei plakplaatsjes en ferve bekladde. De FOKA hie de plaknamme- en strjitnammebuorden oanpakt, omdat dy de konkrete symboalen binne dy't de macht fan de oerheid oantoane. De skea wie sa likernôch 3.000 gûne.[1]

Op 15 maaie reizgen plysjes út Fryslân nei Grins om dêr fjouwer Fryske studinten te hearren. Twa bekenne by de FOKA te hearren, de oare twa ûntkenne.[2]

Yn 'e nacht fan 28 op 29 maaie kaam de organisaasje fannijs yn aksje, diskear yn Utingeradiel. By dy aksje easke de FOKA fan de ANWB om foar 1 septimber 1974 de útspraak te dwaan, dat foar 1 jannewaris 1976 alle troch him yn Fryslân oanbrochte buorden yn it Frysk steld wêze soenen. De FOKA sei dat se derop rekkenje soenen, dat de FRAM en de PTT itselde dwaan soenen. De skea yn Uteringadiel wie 500 gûne.[3]

Op 2 juny oppenearre de FOKA him yn de Súdwesthoeke oer Fryske tsjerketsjinsten. De organisaasje hong pamfletten oan tsjerkedoarren mei it boadskip dat God wol Frysk ferstiet.[4]

De rjochtsaak tsjin de FOKA wie yn desimber 1974, dêr't de leden gjin rjocht by hienen op in pro deo abbekaat.[5] Twa Fokaleden waarden yn 1975 feroardiele ta in boete fan F 250,- en in foarweardlike frijheidsstraf. Der waard in gironûmer iepene om de kosten betelje te kinnen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. FOKA fervet buorden mei Nederlânsktalige teksten oer út de Ljouwerter Krante fan 25-04-1974 op De Krant van toen (sjoen op 10 maaie 2020)
  2. Friese politie jaagt in Groningen op FOKA út de Ljouwerter Krante fan 16-05-1974 op grutskopfryslan.eu (sjoen op 19-03-2010)
  3. FOKA slacht wer ta: nou yn Utingeradiel út de Ljouwerter Krante fan 29-05-1974 op grutskopfryslan.eu (sjoen op 19-03-2010)
  4. FOKA: God forstiet wol Frysk út de Ljouwerter Krante fan 4-06-1974 op grutskopfryslan.eu (sjoen op 19-03-2010)
  5. Geen pro deo advokaat voor FOKA leden út de Ljouwerter Krante fan 12-12-1974 op grutskopfryslan.eu (sjoen op 19-03-2010)