Fryske Akte

Ut Wikipedy

De Fryske Akte is in diploma foar lesjouwers yn it Frysk oan legere skoallen/basisskoallen en Folk- en Gealeargongen. Tusken 1915 - 1924 útrikt oan 20 persoanen troch de Underwiiskommisje fan it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse. Tusken 1925 en 1956 troch de Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje (Afûk) útrikt oan 531 slaggen. As konsekwinsje fan de Wet Cals is it eksamen dêrnei regele by Keninklik Beslút fan 10 septimber 1955, Steatsblêd 413.

It taheakke eksamenprogramma omfet skriftlik: oersettings Frysk-Nederlânsk en Nederlânsk-Frysk, opstel en diktee. Mûnling: Lêzen en Taaleigen, Spraakkeunst, Fryske letterkunde nei 1800 en didaktyk., It earste eksamen wie yn 1957. Besit fan de Underwiisakte is ferplicht.

De Afûk bliuwt foar syn lesjouwers oan de Folk en Gealeargongen (dus ek net-ûnderwizers) akte-eksamens ôfnimmen. It eksamenprogramma is sa goed as itselde as dat fan de Ryksakte. Wa't foar 1957 de Afûk-akte helle hat, krijt itselde foech as besitters fan de ryksakte. De Afûk bliuwt de opliedingskursussen fersoargjen.

Kweekskoallelearlingen fan de tredde en fjirde klasse kinne as karfak in oplieding foar de Fryske Akte folgje. It Ynstitút Fryslân jout in skriftlike leargong.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J. H. e.o., Encyclopedie van Friesland, 1958. Akte Frysk