Frysk Keamer Orkest
Appearance
It Frysk Keamer Orkest is in muzykferiening dy't yn 1962 oprjochte is troch de destiidske direkteur fan de Ljouwerter Muzykskoalle, Jan Masseus. De earste jierren begelate it FKO learlingenútfierings, joech konserten en begelate koaren. Yn de rin fan it bestean hie it orkest gruttere en lytsere besettings. Yn 2011 spilen der sa'n fjirtich muzikanten út Fryslân by it orkest. Sûnt 1997 stiet Derk Stegeman as dirigint foar it orkest. By gelegenheid fan it fyftichjierrich bestean joech it orkest yn 2012 in lustrumkonsert.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |