Linzjery
Appearance
(Trochferwiisd fan Frouljusûnderguod)
Linzjery is in term foar frouljusûnderguod út it Frânsk wei. Der wurdt sprutsen fan "frouljuslinzjery" of "dameslinzjery", dat in pleonasme is, omdat linzjery altyd foar froulju ornearre is. Yn de westerske kultuer binne der ferskate soarten linzjery, dêr't in protte fan in eroatysk karakter hawwe. Linzjery is iuwenlang makke fan natuerlike materialen sa as wol, side en katoen, mar yn de 20e iuw binne der ek syntetyske stoffen sa as nylon, fiskose, lureks en lykra bykaam.
Foarbylden fan linzjery binne:
- Babydoll
- Bêdjaske
- Beha
- Body
- Bodystocking
- Bodysuit
- Bustier
- Catsuit
- Chemise
- Corselet mei elastyk
- String - (C-string, G-string)
- Guêpière
- Beskate soarten wanten
- Sjarretel
- Sjarretellegurdel
- Korset
- Lange hoazen
- Hoasbannen
- Legging
- Nachthimd
- Underbroek
- Panty
- Topke
- Syrische linzjery
Boppeklean sa as hotpants, minirôk, broekpakken en jurken wurde net ta de linzjery rekkene, mar der is wol in folsleine yndustry dy't aparte modellen makket foar eroatyske doelen, dy't likegoed yn as fan it bêd droegen wurde kinne.