Springe nei ynhâld

Froeks.TV

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Froeks.tv)

Froeks.TV wie in online stjoerder foar en troch jongerein yn Fryslân en Frysktalige jongerein bûten de provinsje. De side waard yn 2008 opsetten mei subsydzje fan de provinsje Fryslân ta befoardering fan it brûken fan Frysk troch jongerein. De stjoerder wol middenyn de jongerein- en popkultuer stean. Dat kin allinnich om’t de stjoerder troch jongerein sels makke wurdt. Froeks.TV bringt yn byld wat jongerein belibje en sit op it snijflak fan jongereinkultuer, social networking en tillefyzje meitsjen. Op de stjoerder kin elkenien mei syn of har eigen kanaal út ein sette. Froeks. TV wie yn hannen fan twa Ljouwerter kommunikaasjeburo 's.

De jongereinredaksje fan Froeks.TV makke alle dagen fideo- en webloch/nijsitems. De redaksje sike alle dagen it nijs op, djippe tema’s út en makke sels folsleine searjes. Dêrnjonken koe elkenien syn eigen filmkes uploade. It makke net út oft it mei de fideokamera of mei in mobyltsje makke is. Op de webside wiene neist filmkes en eveneminten as Fryslân's Next Top Model, ek de soap en de Fryske Flow te sjen.

Yn 2010 waarden der plannen bekend om de subsydzje stop te setten yn 2011.[1] Op 1 jannewaris 2014 naam Omrop Fryslân Froeks. TV oer. Dat docht de Omrop yn gearwurking mei it Friesland College en NHL Hogeschool. De takomst fan de Fryske online jongereinstjoerder waard sadwaande garandearre. [2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Skok foar Froeks: gjin subsydzje mear berjocht op It Nijs fan 23 oktober 2010
  2. Omrop Fryslân, 20 desimber 2013