Springe nei ynhâld

Frjentsjerter Omgong

Ut Wikipedy
Frjentsjerter Omgong
Franeker Ronde
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Waadhoeke
plak Frjentsjer
holden yn binnenstêd
datum tongersdei fan de A.D.
bysûnderheden
gelegenheid Agraryske Dagen
soarte evenemint sportevenemint (hurddraven)
bestean 2016 – no
org. troch Atletykferiening Spartacus
offisjele webside
www.agrarischedagenfraneker.nl/.../franekerronde

De Frjentsjerter Omgong (Nederlânsk en offisjeel: Franeker Ronde) is in sportevemint dat sûnt 2016 elts jier holden wurdt yn 'e Fryske stêd Frjentsjer. It fynt plak yn it ramt fan 'e Agraryske Dagen, op in tongersdeitejûn yn 'e twadde helte fan 'e moanne septimber. It parkoers rint troch de binnenstêd fan Frjentsjer. De organisaasje is yn 'e hannen fan 'e Atletykferiening Spartacus út Tsjom, yn gearwurking mei de sportkommisje fan 'e Agraryske Dagen.

De Frjentsjerter Omgong bestiet út ferskate ûnderdielen. Foar bern jonger as 16 jier is der de Kids-run, dy't bestiet út:

  • 620 m foar bern fan 4 oant en mei 6 jier
  • 1.240 m foar bern fan 7 oant en mei 9 jier
  • 1.860 m foar bern fan 10 oant en mei 15 jier

Foar dielnimmers fan 16 jier en âlder is der

  • de Bedriuwe-run: in estafette foar teams fan 4 dielnimmers oer in ôfstân fan 5 km of 10 km
  • de Senioare-run foar lju dy't it hiele ein sels drave, wêrby't men kieze kin út in ôfstân fan 5, 71/2 of 10 km.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • ―― Laat ze je hielen zien, yn: AD WaADhoeke, 12 septimber 2018, s. 9.