Friesland (Wiskonsin)
Friesland | ||
Komboerd Friesland | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Wiskonsin | |
County | Kolombia County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 356 (2010) | |
Oerflak | 2,67 km² | |
Befolkingsticht. | 134.7/km2 | |
Hichte | 307 m | |
Oar | ||
Tiidsône | Central (CST) UTC-6 | |
Simmertiid | UTC-5 |
Friesland is in lyts plakje in de Amearikaanske steat Wiskonsin en leit yn Kolombia County. Der wenje likernôch 350 minsken.
De earste Jeropeeske ynwenners dy't yn it gebiet arrivearren kamen om 1844 hinne fan Wales. Letter, fan 1893 oant 1918 kamen in protte Dútske en Fryske kolonisten nei it gebiet. Dy nije ynwenners ha it doarpke 'Friesland' stifte en ferneamd nei harren heitelân. It Frysk waard doe ek de oerhearskjende sprektaal, wat it oant yn de jierren sechtich bleau. Ut ûndersyk yn 1999 die bliken dat op dat stuit alle Fryskpraters sechtich jier of âlder wiene. De jongerein hat op syn heechst noch in beheinde en meast passive kennis fan it Frysk.
Noch hieltyd is der in lyts winkeltsje yn it doarp dat hûndert jier lyn stifte waard troch Tounis Tillema.