Friesland (Paraguay)
Appearance
Friesland | ||
Mennistebern yn San Ignatio | ||
Bestjoer | ||
Lân | Paraguay | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 642 (2008) |
Friesland, of Colonia Friesland, is in 1937 stichte Mennistekoloanje yn it easten fan Paraguay fan Ruslân-Dútsers. De delsetting hat in lytse 700 ynwenners. In grut part fan de befolking praat Plautdietsch. Fan de mennistemienskip yn Paraguay is bekend dat dy strange regels wat leauwe oanbelanget hawwe. De húshâldings binne grutge, trouwe bûten de eigen mienskip is ferbearn, hoewol't de regels de lêste jierren wat linniger tapast wurde. De koloanje Friesland is net sa behâldend as it tichteby lizzend Rio Verde. De bakstiennen tsjerke fan Friesland hat plak foar 400 minsken.
Totaal moatte der sa'n 82.000 mennisten yn Paraguay libje.