Springe nei ynhâld

Friesach

Ut Wikipedy
Friesach
Flagge Wapen
Polityk
Lân Eastenryk
Dielsteat Karintië
Sifers
Ynwennertal 4.948 (2020)
Oerflak 120,81 km² km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens 41 / km²
Hichte 634 m
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside Webstee fan de gemeente

Friesach is in histoarysk stedsje yn it distrikt Sankt Veit an der Glan yn de súdlike Eastenrykske dielsteat Karintië. Friesach stiet bekend as de âldste stêd fan Karintië.

It plak waard yn 860 foar it earst neamd en wie oant 1803 in úthôf fan de aartsbiskoppen fan Salzburg. It stedsje makke in grutte bloei ûnder aartsbiskop Eberhard II fan Regensberg (1200-1246), dy't fan Friesach eartiids it op ien nei grutste plak fan it aartsbisdom en it meast wichtige plak fan Karintië makke.

Grutte dielen fan de stedsmuorren, de grêft en ferdigeningstuorren hawwe de brannen en belegerings út de rin fan de tiid oerlibbe. Pas yn 1803 waard it stedsje by Karintië foege.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Ruïne Petersberg, de oarspronklike aartsbiskoplike úthôf dy't sûnt it ein fan de 11e iuw as in machtige boarch útboud waard.
  • Burg Geiersberg
  • Stedsmuorren mei grêft
  • Stadtpfarrkirche St.-Bartholomäus
  • Kirche St. Nikolaus (Dominkaner kleaster)
  • Kirche St. Blasius (Deutschordenskirche)
  • Heiligblutkirche