Springe nei ynhâld

Fries om utens (liet)

Ut Wikipedy

Fries om utens is in liet fan Rolling Home, it folk- en shantykoar fan Snits.

De liettekst giet oer de langstme fan Friezen om utens nei Fryslân. It is makke op de meldij fan it Skotske 'Caledonia' fan Dougie MacLean. Sûnt 2001 stiet it nûmer alle jierren yn de Fryske Top 100 fan Omrop Fryslân.

Yn 2007 waard it liet opnomd mei de Ingelske folkartyst John Wright, dy’t in jier letter ferstjerre soe. Yn 2009 en 2010 gie it koar mei Rients Gratama lâns de sealen. Wright is oardeljier earder stoarn. De show wie in reisferhaal troch Skotlân en Amearika om 1920 hinne mei in soad nije folkferskes yn stee fan shantylietsjes.[1] Doe’t it nûmer yn 2019 tweintich jier y de Fryske Top 100 stie, song in grutte ôffurdiging it liet live yn de studio fan Omrop Fryslân.[2]

  • It bêste út de Fryske Top 100 fan Omrop Fryslân 5 (desimber, 2014)
  • Fryske stjerre jûn (april 2010, DVD)
  • Fryske Stjerre jûn mei Gerbrand Westveen en it Nieuw Philharmonisch Orkest opnomd yn it Thialf Theater op it Hearrenfean (desimber 2007, CD)
  • Goin Celtic (2007, DVD)
  • Fries om útens / Caledonia (miny CD, 2007)
  • It bêste út de Fryske Top 100 fan Omrop Fryslân (febrewaris 2006, CD)
  • Fryslân muzyklân 6 (2005)
  • Together with friends (juny 2000, CD)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Rolling Home wer op toernee, Omrop Fryslân, 9 septimber 2009
  2. Rolling Home met Fries Om Utens voor 20ste jaar in Fryske Top 100, www.grootfryslân.nl, 31 desimber 2019