Frenchman's Pass
Frenchman Pass is in nauwe passaazje op it eilân Arûba, tusken de koraalrotsen troch, boppe it gebiet dat bekend is as de Spaanske Lagune. Fanút de pas binne de oerbliuwsels fan de goudraanderij yn Balashi te sjen.
De leginde wol hawwe dat Frânske piraten yn de iere 17e iuw besocht hawwe om Arûba yn te nimmen en dat hja doe yn de nauwe passaazje konfrontearre waarden mei de Yndianen fan it eilân. Nei dit treffen waard de pas bekend as “Franse Pas” of “Rooi Frances” yn it Papiamintsk, yn it Ingelsk “Frenchman Pass”. In protte yndianen waarden deadien by de ynvaazje, en bewenners yn de omkriten fan "Frenchman pass" sizze dat hja it skriemen fan de yndianen jûntiids noch wol hearre. Guon sizze dat de Yndianen noch wekker binne en oan it spûkjen binne yn de kontrei om de Spaanske Lagúne hinne.
De iere skiednis fan Arûba is net in soad oer skreaun, dat de skiednis moat it hawwe fan legindes en ferhalen dy't fan generaasje op generaasje trochferhelle wurde.