Frederike van Uildriks

Ut Wikipedy
Frederike van Uildriks

Frederike van Uildriks (Grins, 31 maaie 1854 - Gorssel, 12 july 1919) wie in skriuwster en natuerûndersykster. Sy wie in tiidgenoat fan Aletta Jacobs.

Uildriks ûntjoech har fan in fatsoenlik opbrocht famke ta in finansjeel ûnôfhinklike natuerûndersiker en skriuwster dy't op har manier yn de bres stie foar frouljusemansipaasje. Yn 1877 wie hja ûnderwizeres en begûn se in deiboek by te hâlden. Sy hie kunde oan alle wichtige sosjalisten út dy tiid. Frederike van Uildriks hat - neist de folle bekendere Eli Heimans en Jac. P. Thijsse - harres dien ta it tagonklik meitsjen fan wittenskiplike natuerhistoaryske en folkekundige kennis foar jongerein en folwoeksenen. Sy waard doetiids priizge om har tagonklik taalgebrûk, de ferhelderjende yllustraasjes en hege kwaliteit fan de levere ynformaasje.

Plantenschat, fan Frederike van Uildriks en Vitus Bruinsma, 1898

Libbensrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1854: berte
  • 1876: jout les oan in U.L.O. foar famkes yn Grins. In jier letter giet se oer nei de Gemeentlike H.B.S. foar famkes.
  • 1886: ferhuzet nei Amsterdam om ierdrykskunde- en skiednisles te jaan oan in Middelbere Skoalle foar Famkes.
  • 1877: lid fan it Lêsmuseum yn Grins
  • 1878: lid fan it Fysika, Natuer- en Skiekundich genoatskip yn Grins.
  • 1880: begjint oan har deiboeken.
  • 1891: wennet tegearre mei de doe noch troude Vitus Bruinsma (1850-1916), politikus en publisist. Sy soe har mem nea mear sjen.
  • 1891: Tenei moat hja mei skriuwen yn har libbensûnderhâld foarsjen. Se publisearre yn mear as 40 tydskriften en kranten oer natuer- en folkekunde en emansipaasje.
  • 1896: Op 4 juny ferhuzet sy mei Bruinsma nei Lochem
  • 1910: wurdt lid fan it bestjoer fan de Lochemske ôfdieling fan de Vereeniging voor Vrouwenkiesrecht.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Mineke Bosch, De liefde en de vrijheid, natuurlijk! Het dagboek (1877-1910) van Frederike van Uildriks (Utj. Verloren: Hilfertsom 2010).

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]