Frans Mallan
Frans Mallan | ||
kristlik lieder | ||
Frans Mallan | ||
amt en titulatuer | ||
amt | Predikant | |
titel | Ds. | |
tsjerke | Grifformearde Gemeenten (oant 1953), Grifformearde Gemeenten yn Nederlân (fanôf 1953) | |
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 18 april 1925 | |
berteplak | Rotterdam | |
stjerdatum | 8 july 2010 | |
stjerplak | Alblasserdam |
Frans Mallan (Rotterdam-Kralingen, 18 april 1925 - Alblasserdam, 8 july 2010) wie in Nederlânsk predikant fan de Grifformearde Gemeenten yn Nederlân (GGN). Nei it fersjerren yn 1966 fan de stichter fan it tsjerkgenoatskip, dr. Cornelis Steenblok, wie Mallan lange jierren foaroanman fan dy tsjerke.
Mallan waard al mei tweintich jier talitten ta de predikanteoplieding fan de Grifformearde Gemeenten. Dêr krige er ûnderrjocht fan Gerrit Hendrik Kersten, A. van Bochove en Steenblok. Yn 1948 waard er troch Jozias Fraanje befestige yn de gemeente Bruinisse. Dêr makke er de Wettersneed fan 1953 mei. Doe't itselde jier Steenblok om reden fan "eenzijdigheden in zijn onderwijs" skrast waard as dosint fan de Teologyske Skoalle, gong Mallan mei syn gemeente mei nei de fan dr. Steenblok oprjochte Grifformearde Gemeenten yn Nederlân. Nei Bruinisse stie er efterelkoar yn Feanendaal (1960), Gouda (1968), Flaardingen (1972), Rhenen (1976) en Alblasserdam (1984). Yn it lêste plak gie er 1996 mei emeritaat.
Doe't dr. Steenblok desimber 1966 ferstoar, waard Mallan de nije lieder fan de Grifformearde Gemeenten yn Nederlân. Hy wie haadredakteur fan it tsjerkeblêd De Wachter Sions en wie fan 1964 oant 2008 dosint oan de teologyske oplieding fan de tsjerken, dy't lykwols net safolle studinten hie. Under Mallan ûntstie om de GGN hinne in mini-pylder yn de reformatoaryske pylder mei ûnder oaren in eigen âldereinhûs, eigen basisûnderwiis en in eigen organisaasje foar heger oplate lju, it KLS. Steenblok yn it foarste plak in akademysk tinker dy't sosjaal minder bejeftige wie, Mallan wie mear in man dy't minsken byelkoar bringe koe en dy't brede lagen fan it tsjerkefolk oanspruts. Hy koe lykwols ner foarkomme dat yn 1980 it tsjerkgenoatskip fannijs skuorde en de Grifformearde Gemeenten yn Nederlân (bûten ferbân) ûntstienen.
Mallan publisearre in grut tal boeken, fral prekebondels en oare stichtlike lektuer. Yn 'e mande mei L.M.P. Scholten publisearre er in ferantwurding fan it ûntstean fan de Grifformearde Gemeenten yn Nederlân, Uit ons uitgegaan, dêr't de titel fan frijwat opskuor joech meidat dy net allinne suggerearre dat de folle gruttere Grifformearde Gemeenten it tsjerkeferbân ferlitten hie, mar ek ferwiisde nei in bibeltekst oer dwaallearaars yn de iere kristlike tsjerke.[1]
Frans Mallan yn de âldens fan 85 jier yn Alblasserdam, dêr't er en nei syn emeritaat wenjen bleaun wie. Syn begraffenis, laat troch ds. J. Roos, kamen tûzenen minsken op ôf.[2]
Wichtichste publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Uit het zieleleven. Briefwisseling tussen een vriend uit Mesech en een vriend uit de landstreek der Jordaan over de 119e, de 42e en de 84e Psalm (Ede: West-Friese Boekhandel, 1965)
- Het troostboek voor de christen. Verklaring van de Heidelbergse catechismus in 52 predikaties (Rotterdam: Van den Berg, 1973; 2e druk: Zwijndrecht, 1985)
- [mei L.M.P. Scholten], Uit ons uitgegaan (Rotterdam: Van den Berg, s.j. [=1978])
- Het Woord des levens. Overdenkingen over de eerste Zendbrief van de apostel Johannes (Zwijndrecht: Van den Berg, 1988)
- De groetenis met mijn hand. Dertig brieven (Houten: Den Hertog, 1994)
- Als een blinde geleid, preek ter gelegenheid van het 50-jarig ambtsjubileum (Veenendaal: De Wachter Sions, 1998)
- Het gesproken woord (Veenendaal: De Wachter Sions/Alblasserdam: Sola Gratia, 1998-2009; 5 dielen)
- De majesteit des Heeren in de weg Zijner oordelen. Predikatie over Amos 9:5-6 ter herdenking van de watersnood van 1953 (Veenendaal: De Wachter Sions, 2003)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Wiidweidich ynterview mei ds. Mallan yn it blêd Koers op 17 septimber 1993
- De dominee die bij leven al heilig was. Artikel yn Trouw op 4 septimber 2010
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|