Frans Kellendonk
Frans Kellendonk | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Franciscus Gerardus Petrus Kellendonk | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 7 jannewaris 1951 | |
berteplak | Nymwegen | |
stoarn | 15 febrewaris 1990 | |
stjerplak | Amsterdam | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
sjenre | Roman, koart ferhaal | |
bekendste wurk(en) |
Mystiek lichaam |
Franciscus Gerardus Petrus (Frans) Kellendonk (Nymwegen, 7 jannewaris 1951 – Amsterdam, 15 febrewaris 1990) wie in Nederlânsk skriuwer en oersetter.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It tydskrift De Revisor wie Kellendonks literêre widze. Fan 1978 oant 1983 wie hy haadredakteur fan dit blêd. Hy debutearre yn maaie 1977 mei de ferhalebondel Bouwval dêr't er de doe krekt ynstelde Anton Wachterpriis foar krige. De roman Mystiek Lichaam (1986) is syn súksesfolste wurk. It boek krige in soad lof en waard bekroane mei de Ferdinand Bordewijk Priis en nominearre foar de AKO Literatuerpriis, mar Kellendonk waard ek beskuldige fan antisemitisme en homofoby nei oanlieding fan dit wurk. Yn homoseksuele fermiddens, Kellendonk wie ek homoseksueel, wie Kellendonks fyzje op de "sterile libbensstyl" fan homo's in striidkwestje. Kellendonk ferwarde him tsjin dy krityk mei it klassike argumint dat in skriuwer net ferantwurdlik holden wurde kin foar tinkbylden fan syn romanpersonaazjes.
Kellendonks stilistyske betûftens stie bûten kiif; syn kultuerkrityk waard lykwols faak ferhune. Kellendonks fermiend neo-konservative wrâldbyld, mei in herwurdering fan tradisjonele wearden, wie net yn de moade yn de jierren 80 yn Nederlân.
Kellendonk hearde ta de generaasje fan A.F.Th. van der Heijden en Oek de Jong. Mystiek lichaam befêstige syn plak yn de Nederlânske literatuer. Al foar't it boek útkaam oppenearre de sykte Aids him by Kellendonk. In boek oer de affêre-Kerwin Duinmeijer, dat er oant tarieden wie, is dêrom nea ôfmakke.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- eigen wurk
- 1977 - Bouwval. Novelle.
- 1979 - De nietsnut: een vertelling. Novelle.
- 1982 - Letter en geest: een spookverhaal. Roman
- 1983 - Namen en gezichten. Ferhalen.
- 1986 - Mystiek lichaam: een geschiedenis. Roman.
- 1988 - Geschilderd eten: over Vondels Altaergeheimnissen.
- 1989 - De halve wereld. Reportaazjes.
- 1992 - Het complete werk.
- oer Kellendonk
- 2018 - Jaap Goedegebuure, Kellendonk. Een biografie, Querido
Earste sin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste sin út Kellendonks debút, Bouwval:
- 'In pear moanne nei't syn âlden besletten hiene om âld te wêzen en beide tagelyk harren tosken lûke litten hiene seach de kroanprins it skilderij foar it earst.'