Fransiskus Ksavearius
Fransiskus Ksavearius (Javier, 7 april 1506 - Shang Ch'uan, 3 desimber 1552), syn echte namme wie Francisco de Yasu de Azpilcueta y Xavier, wie in Spaanske jezuïte-misjonaris út Navarra dy’t in wichtige rol spile hat yn de opbou fan de missy yn súd- en east-Aazje.
Ksavearius ferliet Navarra en studearre filosofy en teology yn Parys. Dêr kaam hy yn de kunde mei Ignatius de Loyola. Op 15 augustus 1534 wie hy ien fan de earste seis dy’t de gelofte makken dêr't letter de Jezuïtenoarder op basearre wurde soe. Yn 1539 en 1540 spile Ksavearius in wichtige rol yn de gearkomsten dy’t resultearre hawwe yn de stifting fan de Soasjeteit fan Jezus.
Missy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ksavearius krige de opdracht fan Loloya, op fersyk fan kening Jehan III en paus Paulus III, om it leauwen te fersprieden yn Ynje . Yn 1540 gie hy nei Lissabon, en yn 1541 gie hy tegearre mei Martin Affonso de Sousa nei Goä, wêr't hy in pear jier letter oankaam. De folgjende jierren die er missywurk yn ferskillende dielen fan Ynje, it skynt dat er doe mear as 30.000 bekearlingen makke hat.
Yn 1545 gie Ksavearius fierder nei it easten, nei Malakka, en yn 1546 reizge hy troch de Molukken, wêr't hy op besite gie by kristlike wenmienskippen en hy besocht om minsken te bekearen.
Doe’t hy werom yn Malakka wie, hearde Ksavearius oer Japan. Hy gie tegearre mei Yajir, in Japanner, nei Goä en besliste dat Japan syn nije wurkterrein wêze soe. Yn 1549 berikte hy Japan. Hy soe dêr twa jier bliuwe. Yn dy jierren besocht hy de keizer yn Kyoto en hat hy in soad minsken bekeard.
Werom yn Goa yn 1552, gie hy fuortendaliks wer op reis nei Sina. Hy kaam oan yn Shang Ch'uan, in eilân tichtby Kanton , dêr wachte hy trije moanne om nei it fêstelân oer te stekken. Ksavearius waard siik en hy ferstoar op 3 desimber 1552. Syn lichem waard oerbrocht nei Goa en yn de katedraal begroeven.