Springe nei ynhâld

Frances Hodgson Burnett

Ut Wikipedy
Frances Burnett

Frances Hodgson Burnett, (Cheetham Hill, Manchester, 24 novimber, 1849 - Plandome, New York (steat), 29 oktober, 1924) wie in IngelskAmerikaansk toanielskriuwster en auteur. Sy is ferneamd fan har berneboeken, lykas The Secret Garden en Little Lord Fauntleroy. De lêste waard 1921 ferfilme.

Frances H. Burnett waard berne as Frances Eliza Hodgson. Heit stoar yn 1854, doe't hja trije jier wie. Har mem moast doe mei fiif bern troch de tiid besykje te kommen. De húshâlding hie lijen yn de efterbuerten fan Manchester. Yn 1856 ferfear de húshâlding op oanstean fan in omke fan Mary nei Knoxville, Tennessee yn de Feriene Steaten en bedarren dêr yn bettere omstannichheden.

Nei it ferstjerren fan har mem yn 1867 krige hja mei 18 jier de húshâlding mei twa jongere bern op 'e noed. Sy kaam troch de tiid mei skriuwen. Har earste ferhaal waard publisearre yn Godey's Lady's Book yn 1868. Rillegau publisearre hja geregeldwei yn Godey's, Scribner's Monthly, Peterson's Ladies' Magazine en Harper's Bazaar. Har krêft lei in it kombinearjen fan in realistyske beskriuwing fan it deistich libben fan ienfâldige lju mei in romantyske ferhaalline.

Yn Amearika boaske hja mei Swan Burnett. Yn 1898 gienen hja út elkoars. Hja troude wer yn 1900 mei Stephen Townsend, mar it houlik rûn skraachwurk twa jier al op 'e non.

  • That Lass o' Lowrie's (1877)
  • Lindsay's Luck (1878)
  • Haworth's (1879)
  • Louisiana (1880)
  • A Fair Barbarian (1881)
  • Through One Administration (1883)
  • Little Lord Fauntleroy (1886)
  • Sara Crewe or What Happened at Miss Minchin's (1888)
  • Editha's Burglar: A Story for Children (1888)
  • The Fortunes of Philippa Fairfax (1888)
  • The Pretty Sister of José (1889)
  • The Drury Lane Boys' Club (1892)
  • The One I Knew the Best of All: A Memory of the Mind of a Child (1893)
  • Little Saint Elizabeth, and Other Stories (1893)
  • Two little pilgrims' progress. A story of the City Beautiful (1895)
  • A Lady of Quality (1896)
  • In Connection with the De Willoughby Claim (1899)
  • The Making of a Marchioness (1901), werprinte troch Persephone Books
  • The Land of the Blue Flower (1904)
  • A Little Princess: Being the Whole Story of Sara Crewe Now Told for the First Time (1905)
  • Queen Silver-Bell (1906)
  • The Shuttle (1907) fannijs printe troch Persephone Books, 2007
  • The Secret Garden (1911)
  • My Robin (1912)
  • The Lost Prince (1915)
  • The Little Hunchback Zia (1916)
  • The Head of the House of Coombe (1922)
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Frances Hodgson Burnett fan Wikimedia Commons.