Springe nei ynhâld

Fort Maarsseveen

Ut Wikipedy
Fort Maarsseveen

It Wurk by Maarseveen is in ferdigeningswurk fan de Nije Hollânske Wetterliny. It waard oanlein yn 1880/1881. It wurk moast de Maarsseveenskedyk en de maarsefeanskefeart njonken dy dyk beskermje. It fort koe 82 man en 6 stikken geskut hawwe.

It keale terrein is omjûn troch in grêft en hat in bûtenfort. Op in mei wetter omjûn perseel yn it noardwesten stiet de wente fan de fortwachter. It fort is tagonklik oer in brêge oan de súdkant.

De kazerne hat oan trije kanten in ierdewurk. Oan de súdkant is in foargevel dy't oplutsen waard út grauwe bakstien, mei op foar de konstruksje wichtige punten blokken natuerstien. De gevel wurdt ôfsluten troch in rollaach. In tal finsters is útfierd mei in stjelpraam. Alle finsters hawwe grienskildere lûken. Op de gevel stiet yn semintstien it opskrift `1881' en `Maarsseveen'.

Teaterwurkplak

Teaterwurkplak "De Rest" beheart Fort Maarsseveen yn opdracht fan de Provinsje, en organisearret dêr ferskate workshops en oare aktiviteiten. It fort is eigendom fan de provinsje Utert en bûtenom is it frij tagonklik. Boppe-op de bomfrije kazerne is in picknickplak oanlein. Fan dat plak ôf is de omjouwing fan it fort goed te sjen. Nei de Twadde Wrâldoarloch binne in loads en in remize út resp. 1881 en 1886 sloopt. De omwâlen binne doe ek ferdwûn.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]