Springe nei ynhâld

Ford Trimotor

Ut Wikipedy
Ford Trimotor


Rol Passzjiersfleantúch
Makker Stout Metal Airplane Division of the Ford Motor Company
Untwerper William Bushnell Stout
Earste flecht 11 juny 1926
Yn tsjinst 1926
Status Der binne noch 18 yn 2012
Tal makke 199, oant 1933
Brûkers Sa'n 100 loftfeartsmaatskippijen, United States Army Air Corps, United States Navy en Royal Canadian Air Force
Fariant Stout Bushmaster 2000
Model 4-AT-A, Searjenûmer No. 4, C-1077 (1927)
Grand Canyons Airlines' Ford Trimotor (let op de útklapte fleugellaadkoffer)

De Ford Trimotor (ek wol "Tri-Motor", bynamme "The Tin Goose") wie in Amerikaanske sivyle transportfleanmasine mei trije motors dy't sûnt 1925 boud waard troch Henry Ford. De produksje gie troch oant 7 juny 1933; doe wienen der 199 fan makke. Hoewol ûntwurpen foar de boargerloftfeart waard it tastel ek brûkt troch militêren en it waard oer de hiele wrâld ferkocht. Ford makke de motors net sels, wat wol it gefal wie by syn T-Ford, frachtweinen en trekkers.

De Trimotor wie Ford syn antwurd op de Fokker F.VII(3m), dêr't er ek in protte op like, mar de Trimoter wie folslein fan metaal en neffens Ford "the safest airliner around." [1] De romp en wjukken wienen fan aluminium ribbeltsjeplaten (om it sterker te meitsjen). Dy ribbels hienen lykwols wol fan gefolgen dat de luchtwjerstân slim tanaam, dat de fleanprestaasje frijwat fermindere. Transcontinental Air Transport, dat letter part fan Trans World Airlines wurde soe, begûn mei dit tastel de transkontinintale lofttsjinst fan San Diego nei New York yn 1929.

Yn de jierren nei de oarloch bleaunen de Ford Trimotors yn tsjinst by lytse, regionale maatskippijen. Ien fan de ferneamdste tastellen wie de Ford Trimotor N414H fan Scenic Airways dy't 65 jier lang brûkt is foar rûnflechten boppe de Grand Canyon. Dizze fleanmasine wurdt anno 2010 noch ynset foar promoasjewurk en filmopnames. [1]

Piloaten fûnen it tastel guodlik yn 'e omgong, betrouber foar syn tiid. Hy koe goed op twa motors fleane en de fier út inoar steande tsjillen makken de lâning aardich feilich. Fierders wie dit tastel geweard, tige breed tapasber en duorsum. Hjoed-de-dei fleane noch ferskate eksimplaren.

Technyske feiten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ford 5-AT-C Tri-Motor:
Feiten
Lingte    15,19 m
Spanwiidte    23,72 m
Wjukoerflak    77,57 m²
Hichte    4,2 m
Motor    Trije Pratt & Whitney Wasp SC-1 fan 420 hk it stik
It lûd fan de motors
Heechste faasje    217 km/o
Krúsfaasje    185 km/o
Minimale faasje foar lift    103 km/o
Normaal fleanberik     820 km, mei ekstra tanks 1045 km
Bemanning    2 piloaten, 1 steward
Tsjinstplafond    5181 m
Leechgewicht    3.405 kg
Maks. startgewicht    6.129 kg
Tankynhâld   1018 l, mei ekstra tanks 1344 liter
Lading    2724 kg
Stiigfaasje    4,8 m/s

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Winchester 2004, s. 151.