Fontanka
Appearance
Fontanka | ||
geografy | ||
lân | Ruslân | |
ûntspringt yn | Sint-Petersburch (by it Simmerpark) | |
lokaasje boarne | 59° 56' N 30° 20' E | |
mûnet út yn | Grutte Neva | |
lokaasje mûning | 59° 54' N 30° 15' E | |
sifers | ||
lingte | 6,7 km | |
maks. breedte | 70 m | |
maks. djipte | 3,5 m |
De Fontanka (Russysk: Фонтанка) is in 6,7 km lange rivier yn Ruslân en de lofter earm fan 'e Neva yn Sint-Petersburch.
De Fontanka is ien fan 'e 93 rivieren en kanalen yn Sint-Petersburch en waard ea it 'Nammeleaze Rivierke' (Безымянный ерик) neamd. It Russyske wurd ерик (jerik) is in âlde oantsjutting foar bepaalde streamkes of wetterferbinings.
Oan 'e kaai fan 'e Fontanka steane in soad gebouwen fan 'e eardere Russyske adel en ferskillende monumintale brêgen oerspanne de rivier. De hjoeddeiske namme datearret fan 1719 en ferklearret dat it wetter fan 'e rivier in soad brûkt waard foar de fonteinen yn 'e tunen fan it Simmerpark en de oan de rivier steande hûzen fan 'e adel.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Fontanka fan Wikimedia Commons. |