Springe nei ynhâld

Folly

Ut Wikipedy
De ananas fan Dunmore, 18e iuw
It Palais idéal fan Ferdinand Cheval

In folly (fan it Ingelske wurd folly: 'healwizens, mâlens) is in bouwurk dat mei opsetsin sûnder nut of bizar is. (Dat as tsjinstelling mei de 20e-iuwske Grutte ûnnutte bouwurken.) In folly is net in konvinsjoneel gebou foar hûsfêsting of oare funksjes, mar is allinnich bedoeld as dekoraasje.
In soad follys soenen grif as keunst beskôge wurde kinne, as se troch in erkend keunstner boud wêze soenen ynstee fan troch immen dy't it bouwurk foar eigen wille boud hie (fermeitsarsjitektuer).

Follys waarden yn it ferline in soad brûkt foar tafoegings oan grutte bûtens. Benammen yn de 19e iuw wie it wizânsje om op in languod in tal romantyske eleminten bouwe te litten.
Populêr wiene bygelyks sabeare ruïnes, grotten, sabeare-kapellen en in ûnderkommen foar klûzeners. Dy bouwurken koenen troch oannimmers, dy't har dêr op talein hienen, kant en klear levere wurde. Rotspartijen waarden neimakke mei hinnegaas en beton. Wetterfallen waarden ek faak oanlein, ek al moasten besteande wetterrinnen ferlein wurde.

In noch besteand foarbyld fan in soksoarte oanleine wetterfal is te finen yn Park Sonsbeek yn Arnhim.

In "mear demokratyske" foarm fan in folly is it resultaat fan de kombinaasje fan fantasij en mitselfeardigens fan partikulieren. Dat is net oan tiid en plak bûn.

Follys komme rûnom foar, mar benammen yn Ingelân binne in protte te finen, wylst it Palais idéal fan Ferdinand Cheval yn Frankryk ien fan de ferneamdste is.

It konsept fan de folly is wat dizenich, mar follys foldogge oer it generaal oan ien of mear fan ûndersteande mjitstêven:

  • It is in gebou of part fan in gebou, in ferskil mei túnornaminten.
  • Der wurdt gjin oar doel tsjinne as in ornamint te wêzen. Faak wurdt mei opsetsin de yndruk jûn dat it in gebou is dat mei in bepaalde bestimming delsetten is, mar dat it is mislieding.
  • It plak is faak bewust keazen.
  • De konstruksje en it ûntwerp binne mei opsetsin eksintryk. Dat is net perfoast needsaaklik, mar fêstiget der wol de oandacht op.
  • Faak is de konstruksje bedroch. Foarbylden binne de "treppen Sûnder ein" of in nijboude ruïne.

Follys yn Nederlân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Moderne foarbylden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wim Meulenkamp, Follies: Bizarre bouwwerken in Nederland en België, Amsterdam, 1995