Folkert van der Woude

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Folkert van der Woude (Snakkerbuorren, 21 oktober 1933Grins, 9 septimber 2012)[1] wie in Nederlânske natuerkundige. Hy wie as heechlearaar eksperimintele natuerkunde fan de fêste stof oan de Ryksuniversiteit Grins ferbûn.

Van der Woude studearre skiekunde oan de universiteit fan Grins. Nei it foltôgjen fan syn stúdzje begûn er in promoasjetrajekt en yn 1966 promovearre er op it proefskrift Mössbauer spectra and magnetic properties of iron compounds. Yn 1970 waard er oansteld as lektor eksperimintele natuerkunde fan de fêste stof oan de Ryksuniversiteit Grins. Hy hold dy funksje oant en mei 1979 wêrnei't er yn 1980 beneamd waard ta heechlearaar op itselde mêd. Under syn heechleraarskip hat er ek in pear jier dekaan fan de fakulteit wiskunde en natuerwittenskippen west.

Yn 1994 waard er beneamd ta rektor magnifikus, in funksje dy't er oant en mei 1998 ferfolle. Hy waard opfolge troch Doeko Bosscher. Nei it beëinigjen fan syn rektoaraat gie er ek mei emeritaat.[2] Yn septimber 2012 stoar er yn de âldens fan 78 jier.

Publikaasjes (in kar)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • F. van der Woude (1998). Niet voor de universiteit, maar voor het leven (ôfskiedsrede)
  • F. van der Woude (1996). Wie stuurt het universitaire onderzoek en waarheen?.
  • F. van der Woude (1995). Een gereedschapskist voor het leven
  • F. van der Woude (1966). Mössbauer spectra and magnetic properties of iron compounds, Ryksuniversiteit Grins (proefskrift)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: