Fokker C.XI

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Fokker C.XIw

Fokker C.XI.jpg

Rol Ferkenningsfleanmasine
Makker Fokker
Earste flecht 1935
Yn tsjinst 1938
Ut tsjinst 1942
Tal makke 14
Brûkers Keninklike Marine (Nederlân)

De Fokker C.XIw wie in ferkenningsfleanmasine fan fleanmasinefabrikant Fokker dy't foar it earst fleach yn 1935.

De C.XIw wie ûntwurpen om mei in katapul fan in skip ôf lansearre te wurden. Nederlân hie op de kruser Hr. Ms. De Ruyter in Heinkel-katapul.

De Fokker C.XIw wie tradisjoneel boud: in romp fan staalbuis beklaaid mei linnen, fleugels mei in houten ramt foar in part beklaaid mei hout en diels mei linnen.

Spesifikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • benanning: twa, piloat en waarnimmer
  • lingte; 10,40 m
  • spanwiidte: 13,00 m
  • hichte: 4,50 m
  • fleugeloerflak: 40 m²
  • gewicht leech: 1.715 kg
  • maks. gewicht laden: 2.545 kg
  • motor: 1 Wright R-1820-F52 fan 775 hk
  • maks. faasje: 280 km/o
  • fleanberik: 730 km
  • plafond: 6.400 m
  • klimfaasje: 4,8 m/s
  • bewapening: 1 × fêst 7.9 mm (.31 in) M1919 Browning masinegewear foar yn de romp en 1 × 7.9 mm (.31 in) FN-Browning mg yn de waarnimmerscockpit