Foarstestift Kempten
Foarstestift Kempten | ||
Wapen | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Beieren | |
plak | Kempten | |
koördinaten | 47° 43' N 10° 18' E | |
Kleastergegevens | ||
oprjochting | 752 | |
opheffing | 1802 | |
Kaart | ||
It Foarstestift Kempten of de Abdij fan Kempten wie in Benediktynske abdij yn Kempten yn 'e Swabyske Kreits yn it Hillige Roomske Ryk.
Stifting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De abdij waard yn 752 troch Audogar oan 'e Iller stifte as in kleaster. Audogar wie de earste abt en ûnder de Karolingen waard mei in soad jeften de basis lein foar it lettere ryksstift Kempten.
Al ier besiet it kleaster in eigen gebiet dêr't it oer hearske en yn 1062 regele keizer Hindrik IV de ryksûnmidlikheid fan it kleaster. Nei it útstjerren fan de markgreven fan Ronsberg krige it kleaster yn 1213 ek de fâdij- en de greverjochten. Yn 'e lette midsiuwen wreide de abdij syn macht mei lienen en liifeigenen fierder út.
Mei't ferskillende abten de boeren yn 'e grinzen fan harren besit ta liifeigenen besochten te degradearjen ûnstie der ferset, dat yn 'e jierren 1491-1492 eskalearre ta in opskuor. Nei't it konflikt wer delbêde wie, begûn de abdij wer mei de âlde polityk en sa naam ek de aggresje fan de ûnderdanen wer ta, itjinge lang om let late ta de Grutte Boerekriich fan 1525. Yn dat jier kocht Kempten himsels frij fan 'e lêste rjochten fan de abdij en yn 1527 gie de stêd Kempten oer op it protestantisme.
Dochs naam it belang fan 'e abdij fierde ta doe't der yn 1548 in ryksabdij fan makke waard. De abt hie dus tenei stimrjocht yn 'e Ryksdei.
Tritichjierrige oarloch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It stift en de stifstsjerke waard yn 1632 troch Sweedske troepen yn'e brân stutsen.
Sûnt 1651 waard it stift as earste grutte barokkleaster fan Dútslân wer opboud. Foarst-abt Roman Giel von Gielsberg joech de boumaster Michael Beer de opdracht ta de bou fan in nije tsjerke en in residinsje foar de foarst-abten. De earste stien waard op 16 april 1652 lein. De rûge bou einige yn 1656, wylst de belangrykste gebouwen fan de residinsje yn 1670 mei de foltôging fan de sakristy tusken de residinsje en de tsjerke ôfsletten waard.
Nei noch mear oankeapen yn 'e 17e en 18e iuw wie it foarstestift tsjin it ein fan syn bestean útgroeid ta de op ien nei grutste tsjerklike steat fan 'e Swabyske Kreits. It areaal fan 'e abdij besloech doe in 1.000 km² dêr't likernôch 42.000 minsken wennen.
Sekularisaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei it haadbeslút fan it Reichsdeputationshauptschluss fan 25 febrewaris 1803 waard it stift ûntbûn. Troch de sekularisaasje waarden de earste stappen set om de stedsstruktueren fan de frije ryksstêd Kempten en de abdij Kempten, dy't harren yn 'e rin fan 'e tiid njonken inoar ûntwikkele hiene, gear te foegjen, dat yn 1818 syn beslach krige.
De eardere kollegiale tsjerke fan it stift tsjinne sûnt as tsjerke fan de Sint-Laurentiusparochy.
De kleastergebouwen waarden yn gebrûk nommen troch de oerheid. Tsjintwurdich kinne de pronkkeamers fan 'e residinsje yn it ramt fan in rûnlieding besichtige wurde.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Fürststift Kempten
|