Springe nei ynhâld

Florian Silbereisen

Ut Wikipedy
Florian Silbereisen
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Dútslân Dútsk
berne 4 augustus 1981
berteplak Tiefenbach (by Passau)
etnisiteit Dútser
offisjele webside
floriansilbereisen.com

Florian Silbereisen (Tiefenbach by Passau, 4 augustus 1981) is in Dútske presintator, schlagersjonger en akteur.

Al as in lyts jonkje fan trije krige Florian Silbereisen fan syn pake in Steirische Harmonika (in soarte akkordeon) en sûnt er fiif wie krige er les yn 't spyljen. Ien fan syn learaars wie Hermann Huber, dy't twaris wrâldkampioen waard mei it spyljen op de Steirische Harmonika. Yn 1991 brocht Silbereisen foar it earst de CD-single "Florian mit der Steirischen Harmonika" út. Noch yn itselde jier helle de presintator Karl Moik him yn de útsjoering Musikantenstadl. Hy krige yn 1992 yn de kategory Ynstrumintale Solisten de Herbert-Roth-priis takend en der folgen optredens by "Musikantentreffen". Yn 1997 waard it earste album "Lustig samma" útbrocht en in jier letter wist er mei de titel "Der Bär ist los" in plak yn de Dútske foarseleksje fan de "Grand Prix der Volksmusik" te bemachtigjen.

Foar de trochbraak op de tillefyzje slagge Silbereisen yn 1999 mei in optreden by Carmen Nebel; Florian Silbereisen waard yn it hiele land bekend. Yn 2002 presintearre er foar de MDR foar it earst in tillefyzjeshow, "Mit Florian, Hut und Wanderstock".

Sûnt febrewaris 2004 presintearret Silbereisen as opfolger fan Carmen Nebel op sneontejûnen de rige "Feste der Volksmusik". Yn maart 2006 makke Silbereisen syn debút as akteur yn de ARD-film "König der Herzen", yn augustus 2006 syn musical-debút yn de produksje "Elisabeth".

Yn it ramt fan de ARD-show "Das Adventsfest der Volksmusik" yn desimber 2006 ta neitins oan de yn dat jier ferstoarne showman Rudi Carrell spile Silbereisen de show "Am laufenden Band" nei, de Dútske ferzje fan Ien fan de Acht. Silbereisen stifte yn 2015 mei Jan Smit en Christoff De Bolle it schlager-trio Klubbb3. It debútalbum "Vorsicht unzensiert!" ferskynde oan it begjin fan 2016. Fan it album waard de track "Du schaffst das schon" in hit yn Dútslân. De Nederlânsktalige single fan KLUBBB3 "Het Leven Danst Sirtaki" kaam nei it optreden by RTL Late Night op nûmer ien fan de Nederlanske Single Top 100.

As opfolger fan Bernhard Brink presintearre Silbereisen foar it earst de útsjoerings "Die Schlager des Sommers" en "Die Schlager des Jahres". Yn febrewaris 2017 siet er yn de jury fan "Unser Song 2017", de Dútske foarseleksje fan ut Eurofyzjesongfestival.

Ein jannewaris 2019 waard Silbereisen as takomstich kaptein fan de ZDF-searje "Das Traumschiff" bekendmakke. Sûnt maart 2020 ferfong er Xavier Naidoo as sjuerylid foar de rest fan de liveshows yn de 17e rige fan "Deutschland sucht den Superstar". Yn juny 2020 brocht er mei Thomas Anders yn in gearwurkingsprojekt de CD "Das Album" út. De CD kaam fuort op nûmer ien yn de Dútske hitparades.

Silbereisen hie fan 2003 oant 2006 in relaasje mei Michaela Strobl, it skoansuske fan Andy Borg. Yn augustus 2008 makke er bekend dat er in relaasje hie mei schlagersjongeres Helene Fischer. Hja hie har earste optreden op tillefyzje yn maaie 2005 mei in duet mei Silbereisen by syn programma "Hochzeitsfest der Volksmusik". Foar in hiel skoft wiene Fischer en Silbereisen it "Dreampear fan de Dútske Schlagers", mar yn desimber 2018 waard bekend makke dat hja út inoar wiene.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side