Springe nei ynhâld

Fleanfjild Đồng Hới

Ut Wikipedy
Fleanfjild Đồng Hới
Basisynformaasje
NammeFleanfjild Đồng Hới
LokaasjeLộc Ninh, Quảng Bình, Fjetnam
StatusSûnt 2008 kommersjele flechten.
Hichte boppe de

seespegel

45 meter
Lingte lâningsbaan2.400 meter
OerflakBeton
Koördinaten17°30′54″N - 106°35′26″E

Fleanfjild Đồng Hới (Fjetnameesk: Cảng hàng không Đồng Hới) is it fleanfjild fan Đồng Hới, yn Fjetnam. It leit lykwols yn de gemeente Lộc Ninh, 6 km benoarden de stêd. It fleanfjild hat in lâningsbaan fan 2.400 meter.

De earste ûnferhurde baan waard troch de Frânsken oanlein yn 1932. Sûnt hat it in militêre fleanbasis west. Yn 2004 waard úteinset mei de renovaasje en it ree meitsjen foar de boargerloftfeart. Dêrby is it doetiidske tarreoerflak ferfongen troch beton. Op 18 maaie 2008 is it fleanfjild iepene foar kommersjele flechten.