Springe nei ynhâld

Flagge fan Rie

Ut Wikipedy
Flagge fan Rie

De flagge fan Rie is de flagge fan it doarp Rie, yn de Fryske gemeente De Waadhoeke. De flagge waard yn 2000 registrearre.

De beskriuwing fan de flagge is:

Neffens de flechtdiagonaal fan wyt en giel mei oer alles hinne in weagjende blauwe lofterskeane baan mei in dikte, lyk oan 2/5 flaghichte; yn'e broektop in oansjenende swarte kattekop mei giele eagen.

De kleuren komme út it wapen fan Rie.