Springe nei ynhâld

Flagge fan Bakkefean

Ut Wikipedy
Flagge fan Bakkefean

De flagge fan Bakkefean is de doarpsflagge fan it doarp Bakkefean, yn de Fryske gemeente Opsterlân. De flagge waard yn 1999 registrearre.

It ûntwerp is fan Marijke Zwaga en Jelle Terluin.

De beskriuwing fan de flagge is:

Yn fjouwer oer 1/3 flaggelingte fan grien en read; oer alles hinne in giel krús oer 1/3 flaggelingte en mei earmen wêr fan de dikte gelyk is oan 1/5 flaggehicht; de horisontale krúsearm belein mei in swarte baan. wêr fan de hichte gelyk is oan 1/15 flaggehichte; yn it earste kertier op it grien in rjochtoerein steande giel ikeblêd.

De kleuren komme út it wapen fan Bakkefean.

  • Gouden krús: symboal foar de krusing fan diken yn it doarp.
  • Swarte baan: ferwiist nei de Drachtster Feart.
  • Giel ikeblêd: stiet foar de bosken yn de omkriten fan it doarp.